|
Dyn leafde sil altyd by ús bliuwe.
|
Tank foar alle goede soargen.
|
In ljocht giet út en skynt net mear. |
Stjerre yn frede dat is: mei 'n gerêst hert jins eagen slute kinne. |
|
It like allegear sa moai wy hiene it goed mei-inoar. Do wiest sa libben en wy hiene noch sa folle plannen. In protte minsken hawwe dyn freonskip ûnderfûn. Wy sille dy tige misse.
|
Dat libjen striid is, wisten wy beide Ek wat echte freonen wiene Beide hâlden wy fan de fûgels, de blommen en de see Betanke. . . foar alles, 't is te folle om te neamen.
|
|
Wat frjemd, datsto der net wêze silst wannear 't wy wer nei hûs gean sille. Do silst net yn de keamer wêze en ús omearmje, as eartiids.
|
Wy sille dy rêst gunne al is't al drôvens yn ús hert. Dyn lijen oansjen, dy net helpe kinne dat wie ús grutste smert.
|
|
"Hieltyd opnij begjinne, dat is libbensmoed"
|
Elk libben hat sin is men yn frede stjert.
|
|
Oant no ta hasto ús laat Do joechst ús alle krêft Mei ús beiden strieden wy de striid dy't no folbrocht is.
|
Ferjit syn / har triennen Bewarje syn / har golle laits Hy / sy hat syn / har striid striden Dat er / se yn frede rêste mei
|
|
As libben lijen wurdt, yn ierdske tsjusterens, is stjerren befrijing en fiert ús nei it Ljocht
|
Dit stjerren is sa swier te ferwurkjen Har libben wie ús allegear safolle wurdich Sy wie ien fan dy stille, geastlik sterken, dy't eltsenien, allinnich harsels net sparre.
|
|
Sa folle soarten fan fertriet ik neam se net mar ien, it ôfstan dwaan en skieden En net it snijen docht sa sear mar it ôfsnien wêzen. M. Vasalis
|
Rêst myn jonge yn 'e holte fan syn earm dan sille wy besykje om oan syn oare hân fierder te gean. Hetty van Coluuidun
|
|
Troch de triennen fan dizze oere slûpt syn/har glim syn/har eagen, syn/har stim, mar foaral syn/har hert.
|
"Hân yn hân binne wy gien oan de drompel ta skjin oan ein, mei leafde om ús hinne, hast my ferlitte moatten" |
|
De leechte dy’t er efterlit kin nimmen weinimme, yn bliuwende leafde betinke wy wat er foar ús betsjutten hat
|
It lêste bytsje is no op der wie gâns te ferduorjen It kearske is no opbaarnd Dôve binne alle fjurren
|
|
As libjen lijen wurdt, is rêsten goed
|
Grut wie dyn ynset foar alles mei dy fierder libje yn ús
|
|
"Syn hannen hawwe foar ús wurke, syn hert hat foar ús kloppe, syn eagen hawwe ús oan it lêst ta socht, hy hat syn taak folbrocht hy mei rêste yn frede"
|
Sûnder te kleien hat er moedich striden alles yn it libben fûn er sa moai Hy sei faak: "t Is goed hear' yn in libben fol leafde, wurkjen en soargjen sa libbet er yn ús oantinken troch
|
|
Ôfskie nimme is mei tankbere hannen oannimme al wat it oantinken wurdich is
|
Tank, goede freonen foar al it moaie dat wy mei-inoar belibbe hawwe
|
|
Om mem hinne is't no stil nettsjinsteande har libbensmoed en sterke wil Nei in wurksum en dreech bestean hat se har lêste striid opjaan moatten Wy steane mei ús fertriet allinne har plak is leech, want sy gie fan ús hinne
|
Flauwe ferwachting falske hope stoar yn it lêste Ijocht fan dyn eagen. Dea tij. Dea tij. yn de skiere tiid fan ôfskie nimmen dêr't it begryp yn waakse moast.
|
|
Krekt no'st der net mear bist silst altyd by ús wéze
|
Hy / hja hie de wil om te libjen, mar net mear de krêft
|
|
oergien fan hjir dei en nacht nacht en dei nei dêr bliuwend Ijocht Theodora
|
Do woest noch safolle goed dwaan Dyn taak wie hjir noch lang net dien tochste Mar do moast it oerjaan Te ier bist fan ús gien. Jan Jepma
|
|
Nea freegjend nea kleiend altyd alles yn himsels / harsels dragend wie er / se in stipe foar in soad minsken.
|
Myn fêste regel hat altyd west: ik jou eat pas foargoed op, as ik der folslein wis fan bin dat der alhiel neat mear oan te dwaan is; en no is it dan safier. . .
|
|
De minsken syn dagen binne as gers hja bloeie as de blommen yn it iepen fjild dan waait de wyn en se binne weiwurden
|
Sa as in blêd fan de beammen delkomt, sa giet in libben út dizze ierde De fûgels sjonge fierder
|
|
"Dêr't de beam faIt, bliuwt er lizzen: De dea is it wichtichste momint yn in libben; wês dêrom hieltyd ree de geast te jaan"
|
Noch hast (omtrint?) neat, sa jong en ûnwittend; mar dochs sa grut en moai, watsto foar ús betsjut hast
|
|
'n Ofskie is swier as 't moai west hat mar ik bliuw altyd by dy, do libbest yn myn geast
|
Myn taak is folbrocht, jim leafde foarinoar moat bliuwe.
|
|
De grutte stilte moast no stadichoan mar komme ynstee fan al de gjalpen dy't de wrâld jout. . . De grutte stilte mei syn deadske dreamen dy't hiel ús Iyts gedoch ynienen te spot makket
|
"Rêst no mar út, do hast dyn striid striden Do hast it as in moedich minske dien Wa kin begripe watsto lit hast? Wa kin fiele watsto trochstien hast?"
|
|
Do wiest in man fan net folIe wurden Dúdlik werkenber foar dejingen dy't by dy hearden In man, dêr't men op bouwe koe mei in wurd dêr't men op fertrouwe koe Efter dy leit in libben fan wurkjen en plicht en krekt dàt bepaalde yn alles dyn gesicht sa beskieden ast libbe hast sa beskieden bist ferstoarn.
|
|