http://www.heitenmem.nl/Gedichtjes/default.aspx
It wurdboek
|
De grutte freugde |
Doest noch nearne wiest |
|
Doch dyn eachjes mar iepen, |
Tige lyts en dochs hiel grut, |
| Grutsk en lokkich sette wy der in stuoltsje by! |
Nij libben noch finzen yn lytse lûden mar fannijs belibje wy it wûnder |
| Ine mine rufteline boarterstreintsje berneweintsje lekkenrûskes bak mei mûskes wat in drokte en fertier mei in widske oer de flier! |
Berte, it makket waarm, it makket kâld, it rekket jong, it rekket âld, it bliuwt in wûnder yn'e wrâld. |
| Twa lytse fuotsjes dy fuotballen omraak. Twa lytse hantsjes dy klapten withoefaak. Wat wiest in droktemakker dyn mem dy waard hast sljocht, ús eigen lytse ... einlings kaamst foar 't ljocht! |
In glimke fan in ingel naamst út de himel mei in tûfke rôze wolken, in moaie maitiidsdei. In sulverwite fûgel in gouden sinnestriel, hantsjes om te aaien twa wankjes fan flewiel. |
| Minyhantsjes minyfuotsjes minymûltsje minynoas Grut is 't lok in maksywûnder poppeslokje tsjoch en proast! |
No kinne wy it allegear mar leare de fleskes en de pempers en it bad, in waarme krúk, de lekkentsjes opteare fruithapkes, boerkes litte, dat is dat! |
| Aanst sille wy dy tûzen ferskes leare, wy krûpe rolleboljend oer de flier. Do silst al gau dyn earste wurdsjes sizze, earst lekker koese, 't is noch net safier. |
Lok fynst yn it earste glimke fan dyn bern. Lok fynst yn 'e freegjende eagen dy't nei dy opsjogge. Lok fynst yn it hantsje dat yn dines leit. Lok fynst yn dat iene wurd dat krekt alles seit. |
|
Barre der noch wûnders? |
gefoel is fierstente grut foar it aldermoaiste wurd! |
|
dit libben sa pril |
Yn elke earm in bern |
|
Yn elts bern |
Grutsk en lokkich sette |
| Wy binne bliid en wolle it hiel lûd roppe, want wy hawwe in lytse poppe. Mar fan allegear bin ik it measte op't skik want syn grutte broer, dat bin ik! |
In grut en sterk ferlangen, in lytse stille winsk... |
|
Want wy fiere hjoed de leafde, |
Gjin útsprutsen wurd Gjin skreaun akkoart. Mar in stil ferbûn, mei dyjinge dy't dy it libben skonk. In gouden belofte, dat wy mei hert en siel foar dy soargje sille. Net allinne hjoed, mar ek de dei fan moarn. |
|
Lok fynst yn it hantsje |
Earne yn de blaue himel dêr skitteret dierber in lytse stjer Hy/sy is in stille tsjûge fan ús gelok op ierde. |
| Dach leave lytse poppe wiest dêr al? Wat hawwe wy in skoft op dy wachte dyn widze stiet al klear Sjoch, op it fuottenein sit de lytse koesbear fan dyn grutte suske (broerke) |
|
