Hallofryslan.nl Friesewebwinkel.nl Wurdboek.nl Fryslantweets.nl

   Lytse Lútsen en de poepertsjeglider

It wie op in woansdei doe’t der samar ynienen in hiel soad snie út ‘e loft foel
Lytse Lútsen hoegde net nei skoalle
De oare deis soene sy krystfeest ha en dan wie it fakânsje
Dat kaam moai út, dat er frij wie, dan koe er moai yn ‘e snie boartsje!

Lytse Lútsen frege oan mem oft dat wol mocht
It mocht, mar dan wol goed de mûts op en de sjaal om, sei mem
En sa gong Lytse Lútsen goed ynpakt nei bûten
Lytse Lútsen makke in prachtige sniepop
Mei in woartel as noas, en âlde knopen as eagen

Lytse Lútsen gong sniebalgoaien mei it buorjonkje
En tegearre makken sy de strjitte skjin foar de buorfrou, dy’t der mei de fyts lâns moast
Mar doe seach Lytse Lútsen noch wat folle moaiers dat mei snie koe
It nije buorfamke fan nûmer 4 wie oan it glydzjen op in slide
Har grutte broer luts de slide, stoepe op, stoepe ôf en al mar rûntsje om ‘e fiver
En sjoch, dêr geane sy fan ‘e kuilbult of, wat giet dat hurd!

Lytse Lútsen woe ek sa’n slide, mar dy hienen sy net
En nei de winkel om in slide koe net, want heit koe net autoride mei safolle snie
Mar Lytse Lútsen hiel wol in idee
Lytse Lútsen frege mem om in pûde
Sa’n grutte grize foar yn it jiskefet

Wat moatst dêr no mei, frege mem, mar Lytse Lútsen wie al wer bûten
Hy naam de pûde ûnder de earm en rûn de kuilbult op
Boppe op ‘e bult lei er de pûde moai rjocht del, en gie der op sitten
Noch efkes seach er om him hinne
Wat is de wrâld moai fan sa heech
Mar doe sette Lytse Lútsen gong mei syn fuotten
Hy hâld him goed fêst mei syn hannen
En dêr gong er, fan ‘e bulte ôf
Op syn eigen poepertsjeglider

  

Lytse Lútsen en it geheim fan de ierappelskylmasine 

Lytse Lútsen siet op in stobbe yn ‘e bosk nei te tinken
Hy tocht en hy tocht en hy tocht
Lytse Lútsen hie sjoen nei in programma op ‘e televyzje
Hy seach dat minsken wat betochten, dat noch net bestie

Sy dienen yn útfining
Lytse Lútsen woe dat ek

En sa kaam it dat hy nei de bosk gie, om goed nei te tinken
Want de útfining moast fansels wol hiel goed wêze
It moast wat wêze, dat noch net bestie…

Earder dy dei wie Lytse Lútsen noch gewoan noflik oan it boartsjen
Op ‘e flier, by mem yn ‘e keuken, mei de autokes en de blokken

Stille Stientsje wie ek oan it boartsjen
Sy boarte heit en memke, dat fûn Lytse Lútsen mar neat
Bern ferskjinje, strike, ierappelskile, itensiede
Wat in wurk!

Mei de auto’s en blokken, dat wie folle moaier
Lekker skeure, en alles bouwe wat je mar wolle

Mar no’t Lytse Lútsen yn ‘e bosk oan it neitinken is
Hat er samar ynienen in idee
Hy sil syn grutte sus wol helpe mei al dy drokte
Lytse Lútsen giet in ierappelskylmasine meitsjen!

Lytse Lútsen begûn fuortendaliks
Want in ierappelskylmasine, dat idee wie sá goed, dat moast fluch klear
Hy boude en hy boude
Mei blokken en karton
Sels mei in stekker en in snoer der oan

En doe wie er klear
De ierappelskylmasine
Grutsk liet Lytse Lútsen syn útfining sjen oan Stille Stientsje
Mem kaam der ek by

Mar doe’t Lytse Lútsen sjen litte woe hoe’t er wurke
Wist er it net mear
Hy hie der salang oan boud, dat er fergetten wie hoe’t it begûn

It soe altyd it geheim fan de ierappelskylmasine bliuwe

 

Skreaun troch Thea Zandberg, krek begûn mei berne-ferhaaltsjes